Toppers uit de Friese literatuur – cursus van vier colleges

Maak kennis met vier toppers uit de Friese literatuur in een Friestalige cursus van vier avonden, die begint op 9 maart. Alle vier boeken zijn onderscheiden met de hoogste prijs voor Friese literatuur, de Gysbert Japicxpriis. In vier colleges – samen één cursus – geven deskundigen hun visie op deze boeken en is er gelegenheid om daarover in gesprek te gaan.

Fjouwer toptitels

De kursus begjint op 9 maart mei in kolleezje fan Akke Gerlsma oer it boek Tin iis (1981) fan Tiny Mulder. It boek giet oer in jong famke yn oarlochstiid. Op 16 maart jout prof.dr. Goffe Jensma in kolleezje oer De Wuttelhaven del (1989) fan Steven de Jong. Dit boek giet ek oer de oarloch en is skreaun út it perspektyf wei fan in soan fan NSB-âlders. Drs. Jetske Bilker jout op 30 maart in kolleezje oer It wrede foarjier (2004) fan Durk van der Ploeg, wêryn’t de haadpersoan weromsjocht op it barren yn it lêste foarjier fan de oarloch. It lêste kolleezje giet oer De smearlappen (1963) fan Anne Wadman en wurdt jûn troch dr. Babs Gezelle Meerburg.  Wadman joech mei dizze roman in slinger oan de fernijing fan de Fryske literatuer.

Ynlieding en diskusje

Alle jûnen begjinne mei in ynlieding fan de sprekker oer it boek. Nei in koart skoft is der tiid foar fragen en diskusje. Fan dielnimmers wurdt ferwachte dat se it te besprekken boek lêzen hawwe.

De kursusjûnen begjinne om 20.00 oere yn de Botniastins yn Frjentsjer (Breedeplaats 1). De kursus is as ien gehiel te folgjen en kostet 100 euro. Opjaan kin fia info@academiefraneker.nl. Mear ynformaasje op www.academiefraneker.nl.

error: Bericht Beveiligd!